'Follek': nij evenemint Skylge

Skylge krijt der wer in nij toeristysk evenemint by. Nei it súkses fan de Beareloop en de Fjoertoertocht hat de Stichting Evenementen Terschelling no it projekt 'follek' betocht. Follek wurdt roppen as men by ien ta de achterdoar it hús yn giet en dat is no krekt wat der yn it tredde wykein fan novimber op Skylge de bedoeling is. Jo roppe 'follek' by in achterdoar en as it goed is kinne jo oanskowe foar it waarm iten en in stik Skylger kultuer.
Der kinne 58 minsken oan meidwaan.