Nije Fryske puzel-webside

Der komt ein oktober in webside mei Fryske wurdspultsjes. Twa Friezen om utens út Baarn en Grins hawwe dit betocht. Otto Wiersma is handich yn it meitsjen fan websiden en Douwe van der Meulen is goed yn de Fryske taal en it meitsjen fan spultsjes. Mei dizze spultsjes wolle se de Fryske taal promoatsje.
Der binne op www.puzel.nl Fryske krúswurdpuzels en wurdsikers te dwaan. Elke moanne binne hjir prizen mei te winnen.