Gjin ferset mear tsjin kanaal

05 okt 2010 - 18:47

Natoer- en miljeu-organisaasjes fersette harren net mear tsjin de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. Dat seit wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân. It wurk oan it kanaal fan De Feanhoop nei Nij Beets kaam yn 2007 stil te lizzen nei ferset fan omwenners en natoerorganisaasjes.

Undertusken is der in plan makke om it kanaal dochs wer iepen te stellen foar de skipfeart sûnder dat de natoer der tefolle skea fan hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)