Doku Elmar Kuiper nei Berlyn

05 okt 2010 - 15:59

In dokumintêre makke foar Omrop Fryslân is selektearre foar in filmfestival yn Berlyn. It giet om de film dy't makke is oer dichter Elmar Kuiper. 'Oerdak, in gedicht kommendeweis' draait op 15 oktober op it Zebra Poetry Film Festival yn 'e Dútske haadstêd. De dokumintêre is tusken 10 en 14 novimber ek te sjen op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert.

Oerdak lit sjen hoe't in gedicht ûntstiet, mar ek hoe't Kuiper mei syn eigen twataligens omgiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)