UMTS-mêst bûten Stynsgea

05 okt 2010 - 15:12

Foar de nije UMTS-mêst yn Stynsgea is in twadde lokaasje yn byld. It giet om in plak bûten it doarp tusken de sportfjilden en de Uterwei. It sportkompleks oan It Oast wie oant no ta de iennige opsje, mar dêr kamen 56 beswierskriften fan omwenners op. Sy binne benaud dat de antennemêst risiko's foar de sûnens opsmyt. De gemeenteried nimt ein dizze moanne in beslút oer it plak. It kolleezje fan b. en w. hat it leafst it sportkompleks, want dat is goedkeaper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)