Bûsjildprojekt stiet faai

05 okt 2010 - 14:51

De takomst fan it bûsjildprojekt yn Ljouwert is ûnwis, want der is gjin jild foar frijmakke yn de begrutting. Kânsearme jongeren dogge putsjes en fertsjinje sa wat bûsjild. Se rêde rotsoai op op strjitte, helpe yn 'e biblioteek of yn in atelier.

Der is in soad animo foar it bûsjildprojekt. Op 't heden dogge der sawat 35 jongeren oan mei en fierders stean der ek noch 65 op 'e wachtlist. De gemeente hat yn de begrutting gjin jild frijmakke foar it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)