Gaslek yn wyk Aldlân Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân
De wyk Aldlân yn Ljouwert wie tiisdei oan it begjin fan 'e middei foar in part in skoftsje ôfsletten fanwege in gaslek. By graafwurk foar de oanlis fan it glêsfezelnetwurk is in lieding rekke.
De plysje warskôge om ruten en doarren ticht te hâlden. It skipfeartferkear op it Prinses Margrietkanaal waard tydlik stillein. De Drachtsterbrêge waard koarte tiid ôfsletten foar it ferkear. Flak nei ienen wie it lek wer ticht. Alle maatregels binne ynlutsen.