Coos foar fjouwer wike ticht

05 okt 2010 - 11:51

Kafee Coos yn de Alde Doelestege yn Ljouwert giet fjouwer wike ticht. Dat hat boargemaster Crone witte litten nei de útspraak fan 'e rjochter. De rjochter bepaalde dat de gemeente de kroech fjouwer wike slute mei. Neffens de gemeente wurdt der geregeld drank skonken oan minderjierrigen. Eigner Kuipers wie nei de rjochter stapt om sluting troch de gemeente oan te fjochtsjen. Mar de rjochter hat de gemeente yn it gelyk steld, sa docht tiisdei bliken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)