Hollekuollers foar sikehûs

05 okt 2010 - 11:06

De Stichting Roparun jout goed 31.000 euro oan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean. It jild is bedoeld foar in bettere behanneling foar kankerpasjinten mei gemoterapy. Troch de holle te kuoljen kin hierútfal beheind of sels foarkaam wurde. Mei it jild kin it sikehûs twa fan sokke apparaten oanskaffe.

De Roparun is in evenemint dêr't minsken yn teamferbân goed 500 kilometer by drave om jild yn te sammeljen foar minsken mei kanker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)