Fytser oanriden: swier ferwûne

05 okt 2010 - 10:48

In man op de fyts is tiisdeitemoarn swier ferwûne rekke by in oanriding op de Gerbrandywei yn Ljouwert. De man waard by it oerstekken skept troch in auto. Dy is nei alle gedachten troch in read stopljocht riden.

It slachtoffer is nei it sikehûs yn de stêd brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)