Bedriging mei mes

05 okt 2010 - 10:10

De plysje hat moandeitenacht twa Ljouwerters fan 20 en 21 jier oanhâlden foar bedriging. Meiwurkers fan in hoarekasaak yn 'e Alde Doelestege seagen dat de manlju mei in mes drigen en gienen achter harren oan. Yn 'e Grutte Tsjerkestrjitte krigen se de Ljouwerters te pakken.

De beide fertochten binne dêrnei oerdroegen oan de plysje. It mes waard net mear oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)