KNRM net keazen ta Diereheld

© Omrop Fryslân
De KNRM yn Hylpen is net de Diereheld 2010 wurden. De Dierebeskerming en SBS6 kieze alle jierren de Diereheld fan it jier. Der wiene fiif nominearren. De KNRM fan Hylpen wie útkeazen omdat se begjin dit jier fan it iis op 'e Iselmar in jong reebokje rêden hiene.
Kaptein Rob Smit en syn kollega's fan de rêdingsboat wiene fjouwer oeren dwaande om it bist út it iiskâlde wetter te heljen. Paula Hermes út Roosendaal hat wûn. Sy fangt kninen op.