Ferdieldheid oer weryndielings

04 okt 2010 - 22:29

Fryske gemeenten tinke ûngelyk oer it nut fan nije weryndielingen. Op de ledegearkomste fan de Feriening fan Fryske gemeenten waarden de boargemasters, wethâlders en riedsleden tiisdei nei har miening frege, mar in ienriedich advys oan it lanlik bestjoer kaam der net.

Earder waard in ambisjeus stik oer de takomst fan gemeenten al weromlutsen op it grutte lanlike gemeentekongres, yn Ljouwert. In soad gemeenten fûnen dat fierste fier gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)