Stifting foar behâld skoalle

De restauraasje fan de âld skoalle fan Skarsterbrêge stiet faai en kin allinnich rêden wurde mei finansjele stipe fan oerheden en partikulieren. Dêrom hat eigner Peter Ellenbroek in stifting oprjochte. Yn 1965 foel it doek foar de skoalle en waarden de wente en de lokalen brûkt as bedriuw.
De âld skoalle is no ryp foar de sloop. Mar dat wol it echtpear Ellenbroek foarkomme, omdat it karakteristike pân net út it doarp ferdwine mei, fine se.