V.d. Horst beëage listlûker SP

Jos van der Horst út Drachten is de beëage listlûker foar de SP by de provinsjale steateferkiezings fan maart takom jier. Van der Horst is no noch fraksjefoarsitter fan de gemeenteriedsfraksje fan Smellingerlân.
It sittende steatelid Jacob van der Hoek út Bakkefean stiet op nûmer twa. Op it tredde plak stiet Maria de Vries út Ljouwert. Yn totaal stean der 25 SP-ers op de konsept-kandidatelist. Dy wurdt begjin novimber fêststeld.