Wer lykspul Jong Hearrenfean

04 okt 2010 - 20:51

Jong Hearrenfean/Emmen is der net yn slagge om yn Doetinchem Jong De Graafschap te ferslaan. De Graafschap, de nûmer lêst, naam brutaalwei in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Jussi Kujala en Rik Sebens. Dêrnei waard Jong Hearrenfean wekker. Krekt foar it skoft makke Filip Djuricic de 2-1.

Geert Arend Roorda soarge yn de twadde helte foar de fertsjinne lykmakker. Beide ploegen hiene dêrnei noch kâns op de folle winst, mar it soe 2-2 bliuwe. Jong Hearrenfean hat no 8 út 6.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)