Undersyk nei regeling minima

04 okt 2010 - 20:31

Hast in fjirde part fan de klanten fan de sosjale tsjinst fan Snits en Wymbritseradiel skammet him foar it brûken fan regelingen foar minima. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan beide gemeenten.

Fral âlderen mei in AOW-útkearing diene oan it ûndersyk mei. Sy hawwe sa'n bytsje te besteegjen, dat se bygelyks foar in nije waskmasine by de gemeente oanklopje moatte foar in bydrage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)