Fryske CDA-ers hâlde hoop

De Fryske tsjinstanners fan it regearakkoart fan it CDA mei de VVD en de PVV hâlde hoop dat de twa dissidinte keamerleden, Ad Koppejan en Kathleen Ferrier, tiisdei dochs noch tsjin dat akkoart stimme sille.
Yn Den Haach is tiisdeitemoarn de fraksjegearkomste fan it CDA. Fraksjefoarsitter Maxime Verhagen wol dat alle 21 CDA-ers foar it regearakkoart stimme. De tsjinstanners yn de partij tinke der oars oer.