Heechste punt fiadukt B'post

De nije rûnwei om Bûtenpost hinne
It fiadukt yn de eastlike rûnwei om Bûtenpost hinne hat it heechste punt berikt. De ferheging is bedoeld foar de spoarline Ljouwert-Grins. Troch de oanlis fan it fiadukt kinne in twatal spoarweioergongen fuorthelle wurde.
De nije situaasje is in ferbettering foar de feiligens fan it ferkear. De ferwachting is dat de eastlike rûnwei healwei 2011 hielendal klear is.