Empatec keapet kwekerij

04 okt 2010 - 19:37

Sosjale wurkfoarsjenning Empatec hat in grutte kwekerij yn Berltsum kocht. Yn de kwekerij kinne tachtich minsken oan it wurk. Empatec nimt de kwekerij oer fan Fokke Hoeksma dy't earder dit jier fallyt gie.

Yn de kwekerij wol de wurkfoarsjenning siergers kweke. Dat docht it bedriuw no al yn in lytsere kwekerij yn Menaam. Dy giet aanst ticht. It bedriuw yn Berltsum giet begjin takom jier iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)