Buertkonsjerzje foar Wielepôle

04 okt 2010 - 14:25

De Ljouwerter wyk de Wielepôle hat sûnt 1 oktober in buertkonsjerzje. Ronald Hilbert sil tafersjoch hâlde op feiligens en nije bewenners wolkom hjitte. Hy sil ôffal op 'e dyk tsjingean en optrede by oerlêst.

De nije buertkonsjerzje is al behearder fan it wykgebou de Kobbekooi. Hy hat in oere yn 'e wike sprekoere en docht twa kear yn 'e wike in ronde. Ljouwert hat al fiif buertkonsjerzjes yn de binnenstêd, Heechterp-Skieringen en de Frijheidswyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)