Lemster by Holiday on Ice

Holiday on Ice is de wrâldferneamde teatershow op iis. By de ea yn Amerika oprjochte produksje wurkje mear as 150 keunstriders. Mar trije dêrfan komme út Nederlân, lykas Madelene van Beuzekom fan De Lemmer. Op dit stuit is se drok mei de tariedings foar de nije show Energia, dy't fan healwei oktober troch Nederlân reizget.
Al seis seizoenen docht de Friezinne no mei yn de show. Oerdei wurdt der repeteard foar de tsien optredens dy't der alle wiken binne.