Nije aksje tsjin bernemisbrûk
Helpferlieningsorganisaasje Fier Fryslân en stichting Stop Kindermisbruik sille gearwurkje om bernemisbrûk yn Nederlân tsjin te gean.
Moandei wurde de plannen yn Ljouwert presintearre troch Froukje de Both, ambassadrise fan Stop Kindermisbruik. Dy ynstânsje striidt yn Azië tsjin berneprostitúsje, mar wol ek misbrûk yn Nederlân tsjingean.