Ljouwert: jild foar duorsumens

© Omrop Fryslân
As it ryk minder jild stekt yn subsydzje foar duorsume enerzjy moatte gemeenten kreativer en tûker wurde om de gong yn duorsumensprojekten te hâlden. Ljouwert wol yn 2020 ûnôfhinlik fan fossile brânstoffen wêze, ek no't it nije kabinet minder stipe jout oan ierdwaarmte en sinne-enerzjy.
Ljouwert stekt de kommende 4 jier 1 miljoen yn duorsume enerzjy, mei as doel om ynfestearrings fan bedriuwen en partikulieren los te krijen.