Sjauffeur ferliest sûkerbiten

04 okt 2010 - 11:48

In frachtweinsjauffeur út Surhústerfean is sneontejûn 6000 kilo sûkerbiten ferlern yn de stêd Grins. Dat barde op it Hoendiep. De plysje hat de dyk in skoft ôfsletten sadat de biten mei in shovel opromme wurde koene.

De 55-jierrige Feanster waard troch syn boardkompjûter warskôge dat er in part fan syn lading ferlern wie. Undersyk hat útwiisd dat de fergrendeling fan de frachtwein stikken wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)