Bûsjildprojekt Welzijn bedrige

Sa'n 35 jongeren yn Ljouwert dy't meidogge oan it bûsjildprojekt fan Welzijn Leeuwarden driigje harren bybaan kwyt te reitsjen. De bijdrage fan de gemeente stiet net yn de begrutting fan 2011. It giet om 50.000 euro.
Jongeren dy't oars op strjitte omhingje, fertsjinje mei dit projekt net allinnich wat bûsjild, mar komme ek makliker oan in gewoane baan. De ried fan Ljouwert praat woansdei oer de begrutting foar 2011.