Frou (72) slim ferwûne nei fal
In 72-jierrige frou út Feanwâlden is sneintemiddei slim ferwûne rekke by in fal. Op de Kleasterwei yn Feankleaster foel de frou fan de fyts op in skerp izeren útsteksel oan in stek.
De frou rûn dêrtroch in djippe fleiswûne op. De frou is nei it sikehûs fan Dokkum brocht.
Trefwurden:
argyf