Wachtlist foar sosjaal pensjon

04 okt 2010 - 10:08

Der driget in wachtlist te ûntstean foar it sosjaal pensjon oan it Bonifatiusplein yn Ljouwert. De opfang foar dakleazen mei sawol psychiatryske as ferslavingsproblemen waard dit wykein iepene. It sit yn de eardere Bonifatiusskoalle en hat 24 keamers.

Dy sitte yntusken hast allegearre fol en neffens behearder Zienn komme nije gegadigden dêrom op de wachtlist. De opfang is al grutter as de eardere lokaasje oan de Willemskade.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)