Plysje hâldt brânstichters oan

04 okt 2010 - 09:32

Yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht fan snein op moandei twa fertochten oanhâlden op fertinking fan brânstichting. Op it Catharinahof en dêr yn de buert wiene ferskate lytse brantsjes, dêr't de plysje byroppen waard. In tsjûge wiisde de plysje op twa manlju dy't der mooglik wat mei te meitsjen hawwe soene.

De plysje koe se opspoare en hat se oanhâlden. De fertochten binne twa Ljouwerters fan 33 en 41 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)