LDODK en SCO winne
Yn de haadklasse fan it kuorbaljen wûn LDODK út Terwispel/De Gordyk snein yn Eindhoven mei 13-12 fan DSC. SCO út Aldeholtpea wûn mei 15-11 fan BEP út Purmerend. Mid-Fryslân út Grou/Reduzum rûn tsjin it earste ferlies oan yn dizze kompetysje. Yn Wageningen waard mei 12-9 ferlern fan VADA.
LDODK, Mid-Fryslân en VADA steane mei har trijen boppe-oan mei acht punten út fiif wedstriden.
Trefwurden:
argyf