FVC wint; Snits ferliest

Yn de sneinshaadklasse spile FVC yn Meppel tsjin MSC. De Ljouwerters diene goeie saken: sy wûnen mei 3-2. FVC kaam yn de earste helte op in 1-0 achterstân. Claudio Tavares soarge foar 1-1 út in penalty. Sander Seinstra brocht FVC op foarsprong. MSC kaam noch werom nei 2-2. Stefan Geertsma makke de winnende treffer foar FVC. Dus hie de ploech fan Bert Hollander trije punten yn de bûse.
Yn in strieminne wedstriid ferlear Snits Wyt Swart mei 2-1 fan Babberich.