Oerlêst troch wurksumheden
De grutte rekonstruksje fan diken yn Ljouwert soarge dit wykein foar oerlêst. Fan freed 19.00 oere oant sneintemoarn 5.00 oere wiene it Stephensonfiadukt, de Heliconwei en de Hermesbrêge ôfsletten foar alle ferkear. It ferkear waard omlaat.
Omwenners moasten de auto wat fierder fuort parkeare. Njonken de ferwachte oerlêst, hiene guon omwenners ek lêst fan it lûd fan frachtauto's en masines. Se ha it der foar oer om't de diken der better fan wurde.
Trefwurden:
argyf