Nynke Laverman kâns op Edison

03 okt 2010 - 13:04

Yn Rotterdam wurdt sneintejûn dúdlik oft Nynke Laverman in Edison wint. Se is nominearre yn it sjenre Edison Pop, de muzykpriis foar de populêre muzyk. Sûnt 2009 wurdt de priis allinnich noch mar útrikt oan nasjonale artysten dy't yn it ôfrûne jier in bysûndere muzikale bydrage levere hawwe.

In lytse faksjuery mei Leo Blokhuis as foarsitter bepaalt hokker artysten nominearre wurde en kiest de winners. Der binne twa publyksprizen foar it bêste nûmer en it bêste album.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)