Flyers kinne mar net winne

De Flyers ha sneon yn Eindhoven mei 7-1 ferlern fan de Kemphanen. Nei fjouwer wedstriden steane de iishockeyers noch hieltyd mei lege hannen. Grutte man by de Einhovenaren wie Akim Ramoul mei twa goals en trije assists. De iennige goal foar de Flyers waard yn de earste perioade makke troch Aleksandr Terjohins.
De iishockeyers fan It Hearrenfean steane ûnderoan mei nul punten út fjouwer wedstriden.