Lintsje foar kosters Jistrum

In echtpear út Jistrum hat snein in keninklike ûnderskieding krigen. It echtpear namen ôfskie as kosters fan de PKN-tsjerke yn Jistrum. Feike en Diny Buma waarden beneamd ta lid in de Oarder fan Oranje Nassau.
It spjeldsje waard har nei ôfrin fan de tsjerketsjinst opspjelde troch loko-boargemaster Fokkema fan Tytsjerksteradiel. De Buma's wiene ek fierder aktyf binnen de tsjerke.