Aris ferliest op it nipperke

03 okt 2010 - 12:42

De basketballers fan De Friesland Aris hawwe sneontejûn yn in spektakulêre wedstriid yn Nijmegen mei 96-94 ferlern fan Matrixx. Nijmegen wie lange tiid de bettere ploech en hie hieltyd in lytse foarsprong. De oerwinning fan Matrixx kaam yn de ferlinging ta stân. By in stân fan 94-94 soarge Zaire Taylor yn de lêste sekonde foar de 96-94 einstân.

Tongersdei spilet Aris yn Ljouwert tsjin Weert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)