Jonge spuitet mei traangas
De plysje hat sneontenacht in Ljouwerter (17) oppakt neidat dy yn syn wenplak mei traangas spuite hie. Om in oere as trije hinne krige de plysje meardere meldingen fan minsken dy't yn it sintrum fan Ljouwert bespuite wiene.
Oan de hân fan it sinjalemint koe de jonge oppakt wurde, dêrby waard ek it buske traangas fûn. Trije slachtoffers hawwe yntusken oanjefte dien.
Trefwurden:
argyf