Man stutsen mei foarke

03 okt 2010 - 11:10

In ynwenner (37) fan Ternaard is yn de nacht fan sneon op snein stutsen mei in foarke. De man rekke dêrby ferwûne oan syn gesicht. Hy moast him behannelje litte yn it sikehûs.

De plysje hat in ynwenner (38) fan Dokkum oanhâlden as fertochte. De stekpartij wie yn in hoarekagelegenheid oan it Noorderbolwerk yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)