Makkum hat eigen skûtsje

02 okt 2010 - 17:42

Hieltyd mear doarpen en stêden krije in eigen wedstriidskûtsje. Nei Aldegea, Abbegea en Harns hat Makkum no ek in eigen skûtsje dat sile sil by de IFKS. It Makkumer skûtsje, 'Op Hoop Van Zegen' is yn 1904 boud by Van der Werf yn Ljouwert.

Fiif moanne lang is mei man en macht wurke oan it kasko fan it âlde skûtsje. Sneon waard it skûtsje yn it wetter litten. Jierren waard it skip brûkt as wenark. It skûtsje komt út yn de C-klasse fan de IFKS.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)