Drachtster Boys wint fan HZVV

Sneonshaadklasser Drachtster Boys hat sneon op it eigen fjild mei 3-1 wûn fan HZVV út Hoogeveen. De Drachtsters hiene in minne start want nei ien minút wie it al 1-0 foar HZVV. Spits Jelle Teitsma makke de lykmakker en soarge foar in 2-1 foarsprong. Yn de twadde helte krige Drachtster Boys in protte kânsen. Ynfaller Nico de Jong sette yn de lêste minút de 3-1 op it skoareboerd.
De oare haadklasser, ONS Snits, spile tsjin WHC mei 0-0 lyk.