Dokkumer slein en skopt
In 18-jierrige Dokkumer is freedtejûn mishannele op in parkearterrein yn Hurdegaryp. De man ried fan Ljouwert nei Hurdegaryp doe't in Mitsubishi Galant hiel ticht achter him kaam te riden en him rjochts ynhelle.
Doe't de bestjoerder fan de Mitsubishi yn Hurdegaryp in parkearterrein opried spruts de Dokkumer him oan op syn gedrach. Dêrop stapte in ynsittende fan de Mitsubishi út en sloech en skopte it slachtoffer.
Trefwurden:
argyf