Fernielerij yn Easterwâlde
De plysje hat freedtenacht op it Stasjonsplein fan Easterwâlde twa manlju út dat plak oanhâlden op fertinking fan geweldpleging. Om 01.00 oere kaam der by de plysje in melding binnen dat der in groep jongeren saken op it Stasjonsplein oan it fernielen wie. Doe't de plysje oankaam lei der in stikkene fyts op it plein en stiene de twa fertochten by de fytsestalling.
Se bekenden dat se de fyts stellen en fernield hiene. De fertochten binne oanhâlden en meinommen nei it buro.