Frysk CDA posityf oer kabinet

02 okt 2010 - 00:09
Grutte opkomst CDA-gearkomste yn Drachten

De measte Fryske CDA'ers sille posityf stimme oer de dielname fan it CDA oan in kabinet mei de VVD en gedoochstipe fan de PVV. Dat ferwachtet it Fryske CDA-bestjoer op basis fan in opinypeiling op de ledegearkomste fan freedtejûn yn Drachten.

Op de gearkomste yn Drachten wiene goed 350 CDA-leden oanwêzich. 70 persint fan de CDA'ers wie posityf oer de dielname oan it kabinet en 30 persint wie tsjin. Dy ferhâlding wurdt ek ferwachte as sneon stimd wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)