CDA-Fryslân: fûle diskusjes

Fryske CDA'ers binne kritysker as yn trochsneed. Sadwaande sil der op de gearkomste fan freed yn Drachten fûl diskusjeard wurde oer it regearakkoart, ferwachtet foarsitter Douwe Tamminga fan CDA-Fryslân.
Der wurde yn Drachten in pear hûndert CDA'ers ferwachte. Se sille harren earst oer it regear- en gedoochakkoart byprate litte troch de Fryske CDA-Twadde Keamerleden Joop Atsma en Sander de Rouwe. Dêrnei begjint de diskusje.