Krityk op nij kofjesjopbelied

De Ljouwerter kofjesjops sjogge neat yn de plannen fan it nije kabinet om drugsoerlêst op te kearen. Sa stiet yn it regearakkoart dat minsken in kofjesjop allinnich ynkomme mei in kluppas. Ek meie der gjin sjops mear yn in straal fan 350 meter fan in skoalle stean.
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat syn twifels by helberheid fan de plannen. Allinnich al it berekkenjen fan de meters tusken in skoalle en in kofjesjops is dreech te berekkenjen.