Wetterbuffelmûne yn Nijhoarne

01 okt 2010 - 15:14

De maatskip Jongsma fan Nijhoarne melkt 120 wetterbuffels yn trije kertier tiid mei help fan de earste draaimûne foar wetterbuffels fan 'e wrâld. De Jongsma's hawwe de grutste wetterbuffelhâlderij fan Nederlân.

De molke wurdt twa kear yn'e wike nei Brabân brocht en ferwurke ta mozzarellatsiis foar supermerken. In wetterbuffel is trije kear sa djoer as in ko, mar se wurde âlder en binne minder faak siik. Yn de takomst wolle de Jongsma's ek wetterbuffels fokke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)