Dost en Janmaat yn Jong Oranje

01 okt 2010 - 15:09

Hearrenfean-spilers Bas Dost en Daryl Janmaat sitte by de definitive seleksje fan Jong Oranje foar de wedstriden tsjin de Oekraïne op 9 en 12 oktober.

Geert Arend Roorda stiet op de stand by list en komt der eventueel by as der blessueres of ôfsizzings binne. De winner fan de wedstriden tusken Oranje en de Oekraïne pleatst him foar it Europeesk kampioenskip, takom simmer yn Denemarken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)