De Friesland stipet Sionsberg

01 okt 2010 - 12:24

Soarchferskerder De Friesland bliuwt de boarstkankersoarch fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum beteljen mar hat wol soargen oer hokker soarch it lytse sikehûs noch leverje moat.

It sikehûs kaam yn it nijs trochdat soarchfersekerder CZ fynt dat der te min boarstkankerbehannelings útfierd wurde. Dêrom betelje se dêr net mear foar. Mar De Friesland hat mear betingsten om te sjen oft boarstkankersoarch by dit sikehûs wol of net ferantwurde is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)