Anty-kreakwet no fan krêft

Plysje, iepenbier ministearje en de gemeente Ljouwert sykje de kommende wiken út hoefolle kreakpannen der yn Fryslân binne. Oanlieding is de nije Wet Kraken en Leegstand. Dy wet makket it kreakjen fan in gebou strafber en jout de offisier fan justysje de mooglikheid om in gebou te ûntromjen.
Justysje yn Ljouwert sil net fuortendaliks optrede. In eigner moat earst oanjefte dwaan. Dêrnei wurdt besjoen oft der sprake is fan oerlêst of oare strafbere feiten.