Himpplantaazje fûn yn Moarre

01 okt 2010 - 10:19

Yn Moarre is tongersdei in himppplantaazje ûntmantele. De plysje wie troch it iepenbier ministearje yn Drinte frege om de bewenner fan it hûs yn Moarre oan te hâlden. De fertochte wie der net, mar de plysje fûn op in bernesliepkeamer wol 171 himpplanten.

Alles is ferneatige. De haadbewenster fan it hûs en in man út Rotterdam dy't by har wie, binne oanhâlden. Doe't letter de man dy't socht waard ek kaam, is hy ek meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)